Jacob Klaver skoalfamkes winne yn Marsum

Sneon 17 augustus wie de lêste ôfdielingswedstriid foar skoalfamkes fan dit keatsseizoen.Dit barde by keatsferiening Foarút yn Marsum. D’r hienen harren 10 partoeren oanmeld. Foar Mantgum keatsten Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra

Yn de earste omloop stiene hja noch net op skerp en keatsen in drege partij tsjin it twatal fan Marsum. Pas op 5-5 en 6-4 waard dizze partij yn it foardiel fan Mantgum beslist. Ek de twadde en tredde omloop waarden yn winst omset. D’r waard wûn fan Wommels en Berltsum Om priis en preemje gong it tusken Grou en Mantgum, deselde finale as it NK skoalfamkes. Coach Joke sette de froulju yn it begjin fan de partij fuort op skerp. Dit wie ek wol nedich want Grou is fan in oar kaliber as tsjinstanner Berltsum fan de heale finale. It die fertúten, it waard Mantgum syn beste partij, d’r waard wûn mei 5-3 en 6-6 De oare deis gongen Jennie en Amarins nei Woarkum te keatsen. Hja diene mei oan de troch in oar lotters wedstriid skoalfamkes yn de A klasse. It lot hie bepaald dat hja dizze dei wer meiinoar keatsten. Yn in poule fan fjouwer moasten hja trije kear keatse. Mei oermacht wisten hja de earste priis binnen te heljen. Hja wûnen alle trije partijen mei mar 8 tsjinearsten (7-4, 7-3, 7-1). De twadde priis wie foar Aluca Bouma (Grou) en Hiske Zeinstra (Peins) Fjouwer wike lyn skreaunen wij dat Jennie yn trije wike tiid 7 krânsen wûn hie. D’r binne al wer 5 by kommen, want Jennie wûn, útsein de twa krânsen fan dit wykein, ek de priis yn Jelsum-Cornjum, Dronryp en Mantgum (merkekeatsen) Twadde prizen waarden wûn yn Peins en St. Jabik. Ek Amarins docht it as 1e jiers skoalfamke treflik, hja hat nêst dit suksesfolle wykein de lêdste wiken noch twa 2e prizen wûn yn Jelsum-Cornjum en Dronryp en in 3e priis yn St. Jabik Mei noch ien wedstriid te gean stiet Amarins as tredde en Jennie as twadde yn it KNKB jierklassemint

Geplaatst op 19 August 2013